Kompetysje wer los
Doe ik om efkes oer de klok fan sân oere hinne it fjild op fytste wiene der ek noch in pear minsken. Sa koene we trije perken keatse mar it wie moaier om it mei folle partoeren te dwaan. Sa koe Jan Reitsma mei syn maten Sissel en Jurjen it opnimme tsjin Jan Heida mei Jesse en Lisa. Die keatsten in partij die aardich in lykwicht wie. Se einigen met 6-4 en 6-2 in it foardiel fan Jan Reitsma. In it oare perk waard keatst troch Albert Reitsema tegearre mei Brecht en Jelmer tsjin Hans, Loretta en Klaas. De lêsten koene net folle ynbringe en ferlearen sûnder in buordsje oan de telegraaf. Letter keaste Halbe van de Valk noch in rúntsje mei sadat we de jûn aardich meinaam hawwe. Fanôf no keatse we dus elke freed wer om healwei achten. It foarnimmen is oan te mei 18 july. Der binne moaie prizen te winnen dus net te folle fersake want dan hawwe jimme gjin kâns. Wolle jimme in tillefoantsje (feste net) hawwe as “ reminder “ kom dan nei it fjild en jou it efkes troch oan mij.
Geplaatst op 30 April 2011